fbpx

Online kansen skeppe mei oandacht




Sosjale media support

In oantal tsjinsten fan GJIZ treffen jo aan ûnder sosjale media support. Sa kinne jo gebrûk meitsje fan it sprekoere, sosjale media útbesteegje of stipe freegje mei it stjergefal. Derneist jouwe wy geregeld in kursus sosjale media én kinne jo GJIZ ynhiere as sprekker

Lês mear oer sosjale media support

Kursus sosjale media

Gau en maklik sels oan de slach mei sosjale media? GJIZ jout jo handige hânfetten en in ferrassend protte nije ynsichten. Jou jo bedriuw in ekstra ympuls troch mear út sosjale media te heljen. Binne jo klear foar mear folgers, mear ynteraksje en mear groei?

Lês mear oer kursus sosjale media

Sprekker sosjale media

Yn in koarte tiid alle ins en outs oer sosjale media te witten komme? Geregeld wurdt GJIZ ynhierd as sprekker op kongressen, netwurkbyienkomsten en âlderjûnen om in presintaasje oer sosjale media te jaan. Sosjale media binne mear as allinnich stjoere.

Lês mear oer sprekker sosjale media

Sosjale media útbesteegje? Op syk nei in kursus of sprekker?


Sosjale media, in wrâld fol mooglikheden

Wy litte jo sjen hoe’t jo bedriuw bloeie kin troch kommunikaasjekanalen op in goede wize yn te setten. Sosjale media binne dêr in wichtich ûnderdiel fan. In prachtich middel om je mei je klanten te ferbinen, se te ferrassen en te feroverjen.

Portfolio

Maatwurk

Alle tsjinsten wurde op maat makke en winsken wurde foarof mei jo ôfstimt. Us opdrachtjouwers binne bedriuwen (eigeners en teams), brânsjorganisaasjes, ynterfyzjegroepen en oerheid. Jo kinne GJIZ ynhiere foar sosjale media support, in kursus of as sprekker.

Mear oer GJIZ


GJIZ advisearret, stipet, ûnderwiist en ynspirearret. Altyd mei holle, hert en hannen.



Ynskriuwen nijsbrief

Bliuw periodyk op de hichte fan nijs, trends en artikels oer sosjale media. Meld jo oan foar de nijsbrief dy’t in pear kear jiers ferskynt.

Nei Ynskriuwen nijsbrief

Webteksten (SEO)

Wy skriuwe SEO teksten om jo webside heger yn Google skoare te litten. Foar it skriuwen fan al jo teksten binne jo by GJIZ oan it goede adres.

Nei Kontaktside

Abonnemint

Foar klanten dy’t geregeld teksten nedich hawwe foar parseberjochten, nijsberjochten, nijsbrieven of sosjale media is in abonnemint te krijen.

Nei Abonnemint


Missy GJIZ

It ultime doel is om bedriuwen en minsken mei sosjale media nei in heger nivo te tillen. GJIZ advisearret, stipet, ûnderwiist en ynspirearret. Altyd mei holle, hert en hannen. Mei omtinken foar jo bedriuw en de minsken yn jo bedriuw. Mear oer GJIZ…

GJIZ Sosjale Media Support




Partners

partner Laposta

Mei Laposta kinne jo útsûnderlik maklik jo relaasjes beheare, nijsbrieven opstelle en ferstjoere, en de resultaten ynterpretearje. Oant 2000 relaasjes kinne jo Laposta fergees brûke.

Reseller

Reseller Partner Bizplay

Bizplay is in tige fleksibele web-based narrowcasting oplossing en is dêrmei tapasber yn de meast útienrinnende bedriuwstakken. kreëarje, publisearje én ôfspylje bart allegear binnen in webbrowser. Fergees teste? Nim kontakt op mei GJIZ.

Brânzjeorganisaasje

dé Nederlandse beroepsorganisatie voor communicatieprofessionals

Logeion is de Nederlânske beropsorganisaasje foar kommunikaasjeprofesjonels. In bloeiende feriening mei rom 3.600 leden.

Erkend learbedriuw

Erkend leerbedrijfStudinten krije de bêste praktykoplieding mei útsjoch op in baan en bedriuwen beskikke no en yn de takomst oer fakminsken dy ‘t se nedich hawwe. Dat binne de doelen fan de SBB.