fbpx

Kursus Twitter

Mei de 140 tekens dy’t jo maksimaal brûke meie foar in tweet, kinne jo ûnferwacht in soad ynfloed útoefenje. In nijsgjirrich berjocht soe samar ris foar in sniebaleffekt soargje kinne. Wichtich om te witten: hoe krij ik mear folgers. Hoe fergrutsje ik myn nammebekendheid en hoe kin ik myn netwurk útwreidzje? Mei Twitter is folle mear mooglik as jo yn earste ynstânsje tinke soene. Ûntdek hoe’t jo sels súksesfol wêze kinne op Twitter.

Ynhâld Twitterkursus

  • It ynrjochtsjen fan in Twitterakkount
  • It monitoarjen fan wat oer jo bedriuw of produkt skreaun wurdt
  • Effektyf netwurkj

 

Wurkwize

In kursus Twitter jouwe we altyd op in sels te kiezen lokaasje of incompany en yn groepsferbân of ien-op-ien It makket net út oft jo al of net kennis hawwe fan sosjale media. Wy meitsje alle kursussen op maat en stimme dêrom yn ‘t foar jo winsken mei jo ôf. Meastal duorret de training in deidiel oant op syn heechst in dei. Jo nimme sels jo eigen laptop mei, sadat jo fuortdaliks de opdiene kennis yn de praktyk oefenje kinne. Nei ôfrin binne jo yn steat om Twitter selstannich brûke te kinnen.

Mear ynformaasje

Belje foar mear ynformaasje en tariven 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht of folje ûndersteand formulier yn.

    Namme (ferplicht)

    E-mail (ferplicht)

    Bedriuwsnamme

    Tillefoan

    Kursus

    Lokaasje

    Wat klanten sizze

    “GJIZ hat ús projekt op in treflike wize begelaat.” – Rikus Sinnema, directeur Ascendus