fbpx

Sosjale media nei in stergefal

Nei in stjergefal is der in soad te regeljen. Earst de dagen fan ôfskied nimmen, dêrnei moatte der in soad praktyske saken regele wurde en ferget it rouproses ek de nedige enerzjy.

Nim tiid, om te rouwen, te ferwurkjen, en net te ferjitten.
Neem tiid, om mei de dea om te gean, in wei te sykjen, yn jo fierdere libben.
Nim leave gedachten, draach dy mei jo mei, yn de tiid.

Yn boppesteande tekst fan dichteres Ina Sipkes de Smit beskriuwt se om foar it rouwen de tiid te nimmen. It gedicht is opnommen yn it boekje  Voor hen die achterblijven.

Sosjale media nei in stjergefal

De praktyske saken bestean hjoed-de-dei ek út online oangelegenheden lykas sosjale media. Soms bliuwe profilen fan de ferstoarne noch lange tiid sichtber. De reden kin wêze dat wachtwurden net bekend binne of dat der gewoan net oan tocht is, of omdat it net regele is yn in testamint. Of it fertriet is te grut en it slagget gewoan net om dermei oan de slach te gean.

Útfeartbegeliedster Iepie Lindeboom frege my, Gea Iedema, oft ik dêr wat yn betsjutte woe foar neibesteanden.

Sosjale media support

It opromjen fan online oangelegenheden of it meitsjen fan in betinkingsside kin jo ek helpe yn jo rouproses. It besjen fan de sosjale media, it bewarjen fan berjochten en byldmateriaal sil dreech wêze, mar kin mei it each op it grut tal oantinkens ek weardefol wêze.

As jo witte wat jo ferwiderje litte wolle of krekt bewarje wolle, dan kinne jo Gea Iedema freegje om jo dêrby te helpen. Ek kinne jo GJIZ freegje (foarôf) te ûndersykjen oft der wat online stiet fan jo dierbere.

Ûnderfining

Gea Iedema folge by Humanitas yn 2004 de kursus Praten over de dood verrijkt je leven om oaren te helpen by it ferwurkjen fan in ferlies. Dy help waard bean yn ien-op-ien roubegelieding en it lieden fan lotgenoategroepen foar folwoeksenen en bern. Dy kennis wol GJIZ kombinearje mei har kennis op it mêd fan sosjale media.

Informatie of afspraak?

Hawwe jo fragen oer sosjale media nei in stjergefal? Jo kinne ús belje op 06-46003336 foar ynformaasje, de tariven en/of in ôfspraak. Jo kinne ek gebrûk meitsje fan it kontaktformulier op de webside.