fbpx

Sosjale media útbesteegje

Hawwe jo it net oan tiid om jo bedriuw online op ‘e kaart te setten? Untbrekt de kennis? Of fine jo it lestich om op in klacht fia Twitter of Facebook te reagearjen? Krekt dit is in kâns om jo bedriuw posityf online te profilearjen. Sosjale media útbesteegje besparret in soad tiid en smyt jo in protte op.

GJIZ oan it wurk

Mear súkses mei sosjale media

By GJIZ advisearje wy jo oer in doelfêste sosjale media strategy. Yn in advisearjende en/of útfierende rol helpe we bedriuwen en zzp’ers mei har on- en offline kommunikaasje. Tegearre mei jo besjogge we wat jo winsken binne en wat jo berikke wolle. Wêrmei kinne we jo helpe?

  • Fergrutsjen fan jo klanterûnte
  • Fergrutsjen fan jo nammebekendheid
  • Opbouwen en ûnderhâlden online netwurk
  • Profesjonalisearjen fan jo online profilearring
  • Ymplemintearjen fan sosjale media
  • Jo evenemint stypje mei in sosjale media kampanje
  • Jo meiwurkers opliede foar sosjale media
  • Skriuwen fan nijsbrieven en SEO-teksten

Troch it ynsetten fan de passende sosjale media, soargje wy derfoar dat jo online sichtber binne en bliuwe. Wy jouwe jo bedriuw it omtinken dat it fertsjinnet, harkje nei jo klanten en reagearje gau op reaksjes. Fragen fan klanten beäntwurdzje we altyd yn oerlis. By projekten evaluearje we tuskentiids. Sa wurde jo doelen gau en effektyf berikt.

De foardielen fan sosjale media útbesteegje

  • Fergrutsjen fan jo klanterûnte
  • Fergrutsjen fan jo nammebekendheid
  • Opbouwen en ûnderhâlden online netwurk
  • Profesjonalisearjen fan jo online profilearring
  • Ymplemintearjen fan sosjale media
  • Jo evenemint stypje mei in sosjale media kampanje
  • Jo meiwurkers opliede foar sosjale media
  • Skriuwen fan nijsbrieven en SEO-teksten

Wolle jo ek mear berikke mei sosjale media?

Mei in sosjale media abonnemint binne jo altyd sichtber foar jo klant. Sosjale media útbesteegje kin al fan 195 euro de moanne ôf. Freegje frijbliuwend nei alle mooglikheden. Of meld jo oan foar it sosjale media sprekoere foar in fergees sosjale media advys. Fuortdalik in ôfspraak meitsje? Jo kinne ús belje of whatsappe op 06-46003336.