fbpx

Sprekker

Yn in koarte tiid alle ins en outs oer sosjale media te witten komme? Geregeld wurdt GJIZ ynhierd as sprekker op kongressen, netwurkbyienkomsten en âlderjûnen om in presintaasje oer sosjale media te jaan. Ynspirearjende byienkomsten, dêr’t GJIZ jo yn sjen lit dat sosjale media mear binne as allinnich stjoere.

Wat kinne jo ferwachtsje?

In presintaasje oer sosjale media

  • ôfstimd op jo fragen
  • mei foarbylden oer jo doelgroep
  • altyd mei aktuele ynformaasje

Foar bedriuwen

Benutte jo alle kânsen fan sosjale media optimaal? Allinnich online wêze is faak net mear genôch. Mei de komst fan sosjale media leit der in hiele merk foar ús iepen, dy’t we sels benaderje kinne. De fraach is, hoe doch ik dat? En hoe kin ik bygelyks tûk online netwurkje? Wat wurket wol en wat wurket net? Wy biede jo praktyske ynsichten en litte jo sjen wêr’t de kânsen lizze. Ûntdek hoe’t sosjale media bydrage kinne oan de groei fan jo bedriuw.

Foar ferienings

Hoe kinne jo jo leden flugger ynformearje as fia sosjale media? It mei dúdlik wêze dat sosjale media ek foar ferienings ûnmisber wurden binne. Mar hoe organisearje jo dat? Hoe kinne jo dat as feriening maklik beheare? En hoe sit it iens mei de privacy? GJIZ makket jo op in ynteraktive byienkomst paadwiis yn de wrâld fan sosjale media. Nei ôfrin kinne jo fuortdaliks sels oan de slach.

Foar âlders, ûnderwizers en skoalbern

Online pesten is in probleem dat in protte foarkomt ûnder skoalbern. Ut ûndersyk docht bliken dat mear as de helte fan de Nederlânske jongeren him soargen makket oer online privacy. Op âlderjûnen diskusjearje we dêrom oer de kânsen en bedrigings fan sosjale media. Ek krije jo in tal tools oanrikt om in eachje yn it seil te hâlden. Ynteresse foar in totaalpakket op jo skoalle? GJIZ hat mei Leuk Communicatie it programma Sociale Media @Skool foar learlingen, ûnderwizers en âlders ûntwikkele. Mei jo, jo bern of learling in feilige en plezierige ynternetomjouwing skeppe. Dat is ús doel.

Ynteresse foar in presintaasje oer sosjale media?

De byienkomsten binne altyd op in sels te kiezen lokaasje. Belje foar mear ynformaasje en tariven 06-46003336 of stjoer in whatsapp-berjocht.