fbpx

Kursus Instagram

Wêr Instagram begûn is as in app om foto’s mei freonen te dielen, is it yntusken útgroeid ta in platfoarm mei mear as in miljard brûkers oer de hiele wrâld, dy ‘t allegear harren eigen wize fûn hawwe om harren libben op in kreative wize te dielen mei de rest fan de wrâld. In soad bedriuwen hawwe harren sosjale netwurk hjir nei útwreide, en besykje op harren eigen kreative wize safolle mooglik folgers te generearjen. Instagram is foaral hiel populêr ûnder de jongere generaasjes, dus it is hiel belangryk dat jo witte hoe ‘t jo dizze groep it bêste oansprekke. By Instagram is it byld minstens like belangryk as de ynhâld. Us Instagram kursus biedt jo dêryn de stipe om it byld foar jo sprekke te litten.

Ynhâld Instagramkursus

  • It ynrjochtsjen fan in saaklik Instagram account
  • It ûntwikkeljen fan in profesjoneel eagjende feed
  • It generearjen fan ynteraksje
  • In berjocht stjoere oan in spesifike doelgroep binnen jo folgers
  • It promoatsjen fan jo Instagramaccount en / of berjochten
  • It brûken fan hashtags
  • It analyseren fan de statistiken
  • It keppeljen fan jo Instagram oan jo Facebookside

 

Wurkwize

In kursus Instagram jouwe we altyd op in sels te kiezen lokaasje of incompany en yn groepsferbân of ien-op-ien It makket net út oft jo al of net kennis hawwe fan sosjale media. Wy meitsje alle kursussen op maat en stimme dêrom yn ‘t foar jo winsken mei jo ôf. Meastal duorret de training in deidiel oant op syn heechst in dei. Jo nimme sels jo eigen laptop mei, sadat jo fuortdaliks de opdiene kennis yn de praktyk oefenje kinne. Nei ôfrin binne jo yn steat om Instagram selstannich brûke te kinnen.

Mear Ynformaasje

Belje foar mear ynformaasje en tariven 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht of folje ûndersteand formulier yn.

    Namme (ferplicht)

    E-mail (ferplicht)

    Bedriuwsnamme

    Tillefoan

    Kursus

    Lokaasje

    Wat klanten zeggen

    “ Gea is ta de saak kundich en wit op in prima en rêstige wize har kennis oer te bringen. ” Koos Lanting