Strategie

Sosjale media strategy

Foar in ynternasjonaal projekt hat GJIZ in sosjale media strategy opsteld. Om ’ t wy yn dit projekt gearwurkje mei in oantal partners út ferskillende lannen is it strategyske plan yn it Ingelsk opsteld en bepraat. De petearen oer de sosjale media strategy wienen mei help fan Zoom Meeting. Boppedat hawwe wy in grut tal fan praktyske tips jûn, hoe ‘t de partners de nammebekendheid fan it projekt ferheegje kinne mei help fan sosjale en oare media. Review sosjale media strategy “Gea is kundich, jout in soad praktyske tips en is by steat om it proses te begelieden om ta it beëage doel te kommen. Boppedat is se optein en noflik yn de omgong, in noflike sparringpartner!” Karla Boersma, WP leader ReIReS ( Research Infrastructure ûn Religious Studies ) Review sociale media strategie “Gea is deskundig, geeft veel praktische tips en is in staat gebleken het proces te begeleiden dat tot het beoogde plan moest leiden. Bovendien is ze enthousiast en prettig in de omgang, een fijne sparringpartner!” Karla Boersma, WP leader ReIReS (Research Infrastructure on Religious Studies)

Webside foar nije entiteiten yn de bou

Webside foar nije entiteiten yn de bou Bouwmensen Friesland is dit jier opgien yn twa nije organisaasjes, Toekomstbouwers Friesland (TBF) en BouwBricks (BB ). Foar beide mei GJIZ de websiden ûntwikkelje en bouwe. TBF: ít opliedingsbedriuw foar de bou- en ynfrasektor yn Fryslân Toekomstbouwers Friesland is de nije organisaasje dy ‘t tegearre mei it ûnderwiis en it bedriuwslibben mei-inoar de bêste learrûte foar de mbo-studint winsket. Alle boubedriuwen yn Fryslân en ROC Firda (foarhinne Friese Poort en it Friesland College) nimme diel yn Toekomstbouwers Friesland. Earder dit jier gie Bouwloket Friesland ek al op yn TBF. Letter dit jier sil ek Bouwen aan de Bouw (debouwietsvoorjou. nl) folgje. Op de webside fan Toekomstbouwers Friesland stiet de learling sintraal, mar dêrneist biede wy ek ynformaasje oan de âlden en oan de bedriuwen dy ‘t de mbo-studinten in staazjeplak of in learwurkplak biede. Fandêr dat wy yn de strategy ek meinimme om ús ek rjochtsje te sillen op it sammeljen fan ferhalen fan de studinten sels ûnder it kopke ‘ Bouwstories ‘. BB: Hub foar de bou Yn BouwBricks bringe wy alle oare (kommersjele) aktiviteiten ûnder, dy ‘t se earder ûnder Bouwmensen Friesland oanbeaën. Tink dêrby oan alle boukursussen en bygelyks de PAGO & DIA ûndersykje. Yn BouwBricks stiet ûntwikkeling fan fakkrêften sintraal! Dizze webside is yn ûntwikkeling (septimber 2023 ). Ek in betelbere webside en alhiel nei jo winsk? Belje 06-46003336, stjoer in WhatsAppberjocht, of mail@gjiz.nu.