fbpx

Webûntwikkeling

Website Undernimmersferiening

Opdracht Website ûndernimmersferiening CCNWF It wichtichste doel fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland (CCNWF) is it befoarderjen fan de ûnderlinge kontakten tusken ûndernimmers yn Noardwest-Fryslân.Sy organisearje ynformele byienkomsten op unike lokaasjes yn de regio. Under it genot fan in hapke en in drankje, ûntsteane duorsume saaklike relaasjes en nije ynsichten. Wichtige winsken foar in nije webside fan de ûndernimmersferiening binne it wurkjen fanút ien systeem, dat leden harren maklik oanmelde kinne foar in aktiviteit en dat se nei ynloggen sjen kinne wa ‘t der noch mear oanwêzich binne. De funksjonaliteit stiet foarop. Dêrneist hat GJIZ alle histoarje (media en ferslaggen) eksportearre fan de âlde webside en ymportearre yn de nije. As lêste kinne nije leden har frij maklik oanmelde en is de lede-administraasje en kommunikaasje oangeande in aktiviteit in stik ienfâldiger wurden foar it sekretariaat. Help nedich by jo webside fan jo ûndernimmersferiening? Belje 06-46003336, stjoer in WhatsAppberjocht, of mail@gjiz.nu

Webside hotel-restaurant Frjentsjer

Webside hotel-restaurant Frjentsjer Hotel-restaurant Poort fan Franeker hat njonken in smaakfol ytkafee yn alvestêdestêd Frjentsjer, gesellige sealen en kreaze hotelkeamers. Harren ‘poorthuis’ stiet op in prachtige, histoaryske lokaasje, direkt oan it Van Harinxmakanaal en by de Stasjonsbrêge. Wichtige winsken foar in nije moderne webside foar it hotel-restaurant en fan de eigeners, Sonja en René Norder, binne dat gasten it gefoel dat se op lokaasje ek op de webside ûnderfine. Dêrneist steam it fluch toanen fan in aktuele en oersichtlike menukaart, it maklik reservearjen fia de webside foarop. By de bou fan de webside binne wy útgien fan de strategy ‘ mobile first ‘. Gasten kinne dêrtroch ek fuortendaliks telefoanysk kontakt opnimme. Dêrby hat GJIZ mear byldmateriaal taheakke. Net allinnich in tv-útstjoering oer Poort fan Frjentsjer en in fideo fan de omjouwing, mar ek mear persoanlike foto’s (wêrfan ‘t de measte makke binne troch Guido Hibma Photografy). Is in in betelbere website ek alhiel jo winsk? Belje 06-46003336, stjoer in WhatsAppberjocht, of mail@gjiz.nu.