fbpx

Online kommunikaasje

Opdracht Iepenlofspul Deinum

It iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank waard yn 2015 opfierd yn Deinum. It iepenloftspul krige moaie resinsjes De haadrolspylster krige sels in Gouden Gurbe en regisseur Rense Rotsma mocht de publykspriis yn ûntfangst nimme.

GJIZ makke diel út fan it PR-team en fersoarge de online kommunikaasje. Nei it ynventarisearjen fan de winsken en de doelen hawwe we in Facebook- en Twitter-akkount oanmakke. GJIZ soarge foar de publisiteit fia dy kanalen. Alle off- en online ynspanningen smieten in sa goed as útferkocht programma op.

Nei in petear oer de winsken en doelen wie ik tige optein oer de wurkwize fan Gea. Sy hat mei bydroegen oan it súkses fan it bysûndere projekt fan It Deiboek fan Anne Frank!
Rense Rotsma, Regisseur iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank

Nei de Facebookside fan It Deiboek fan Anne Frank.