fbpx

Presintaasjes en workshops

Opdracht WTC Expo Lânboubeurs Ljouwert

Foar de eksposanten fan de Lânboubeurs yn WTC Expo joech GJIZ twa presintaasjes oer sosjale media. Yn de earste presintaasje hawwe we foarbylden út de praktyk en tips en trúks presintearre. De twadde presintaasje wie foar it grutste part rjochte op it skoaren fan in hegere ranking yn Google. Doel wie it sjen litten fan de rol fan sosjale media yn de agraryske sektor en it profilearjen fan de Lânboubeurs. De eksposanten krigen ûnder oaren ynsjoch yn in optimale online berikberens, hoe sosjale media yn te setten as marketingynstrumint en it online netwurkjen. Yn 2016 is der in Facebookworkshop foar begjinners en saakkundigen organisearre.

Mear witte oer Presintaasjes en workshops fan GJIZ?

Belje 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht, of mail.