Opdracht UVW Wurkbedriuw Ljouwert
UWV Wurkbedriuw hâldt him dwaande mei wurkbemiddeling en re-yntegraasje. Dat docht men troch fraach en oanbod byinoar te bringen. It Wurkbedriuw rjochtet him yn it foarste plak op wursykjenden mei in grutte ôfstân ta de arbeidsmerk en op wurkjouwers dy ‘t dizze minsken oannimme wolle. Se sykje dêrby aktyf gearwurking mei arbeidspartners, lykas gemeenten, wurkjouwers en útstjoerburo’s .
GJIZ ynformearret en traint meiwurkers hoe ‘t LinkedIn optimaal ynset wurde kin om te netwurkjen. Dêrneist ynspirearje wy trainers fan de UWV-cursus “Succesvol naar werk” mei tips & trúks dy’t hja oerbringe kinne op de kursisten. Of wy fersoargje in presintaasje oer LinkedIn oan partners út de arbeidsmerk.
Mear witte oer in training LinkedIn?
Bel 06-46003336, stjoer in whatsappberjocht of mail.