fbpx

Webûntwikkeling en ûnderhâld

Opdracht Kommersjele Klup Noardwest-Fryslân

It wichtichste doel fan de Kommersjele Klup NWF is it befoarderjen fan de ûnderlinge kontakten tusken ûndernimmers yn Noardwest-Fryslân.

GJIZ krige de opdracht om in nije webside yn te rjochtsjen. It útgongspunt wie in klantfreonlike webside dy’t útnûget om lid te wurden en dêr’t yn ien eachopslach alle ynformaasje werom te finen is. We fersoargje ek de nijsbrieven en útnûgings foar de leden en we beheare de sosjale media. It resultaat is mear ynteraksje mei leden, mear kontaktmominten om leden te ynformearjen en mear sichtberens.

Mear witte oer webûntwikkeling en ûnderhâld?

Bel 06-46003336, stjoer in whatsappberjocht, of mail.