AI-Workshop 6 maaie 2025
Bisto ûndernimmer of wurknimmer en wolst ûntdekke hoe’t AI dyn wurk stypje kin? Yn ús praktyske en ynteraktive AI-workshop learst hoe’tst AI-tools, lykas Microsoft Copilot, effektyf ynset. Gjin technyske eftergrûn nedich – dizze workshop is spesjaal ûntwikkele om AI tagonklik en direkt tapasber te meitsjen yn dyn deistich wurk.
Details
- Eerstvolgende datum: dinsdag 6 mei 2025
- Tijd 19.30 uur
- Duur: 2 uur
- Locatie: Serre Restaurant Bloemketerp, Burgemeester J. Dijkstraweg 3, 8801 PG Franeker;
- Meenemen: je eigen laptop
Wat learst yn dizze workshop?
Tidens dizze workshop komst yn’e kunde mei AI en ûntdekst hoe’tst it direkt brûke kinst. We behannelje ûnder oare:
- Wat AI is en hoe’t it wurket
- Hoe’tst AI-tools lykas Microsoft Copilot (of ChatGPT) ynsette kinst
- PPraktyske tapassings foar dyn wurkgebiet
- Hands-on oefeningen om AI direkt út te probearjen
- Romte foar fragen en ynteraksje
Nei dizze workshop witst net allinnich wat AI kin, mar ek hoesto it praktysk tapast yn dyn deistich wurk.
Foar wa is dizze workshop?
Dizze workshop is bedoeld foar ûndernimmers (of wurknimmers fan dyn bedriuw) dy’t ûntdekke wolle hoe’t AI harren stypje kin yn harren wurk. De training is tagonklik, op’e praktyk rjochte en gaadlik foar begjinners likegoed as foar minsken dy’t al wat ûnderfining hawwe mei AI-tools.
Wurkwize
De workshop duorret 2 oeren en wurdt jûn troch Edwin de Boer fan LeanAI Transformation. Wy wurkje yn lytse groepen (maks. 12 persoanen), sadat der genôch romte is foar fragen en ynteraksje.
Incompany-training of 1-op-1 begelieding
Wolst dizze workshop binnen dyn bedriuw organisearje? Of hast ferlet fan in persoanlike AI-training dy’t folslein ôfstimd is op dyn wurk? We biede op aonfraag ek incompany-trainingen en 1-op-1 sessies oan. Nim kontakt mei ús op foar de mooglikheden.
Kosten & oanmelden
De kosten foar dizze workshop binne € 95,00 per dielnimmer. Je krije in faktuer nei opjefte. Foar maatwurktrajekten of ynkompany-trainingen meitsje wy graach in offerte op maat.
Bist klear om de krêft fan AI te ûntdekken? Meld dy oan troch it formulier hjirûnder yn te foljen. Do krigest fuort in ûntfangstbefêstiging yn dyn mailbox (Net? Check dan even oft de mail miskien yn de net-winske mailbox telâne kaam is).
Past dizze datum dy net?
Belje foar mear ynformaasje oer de folgjende konfrontdatums nei 06 -46003336 of stjoer in whatsappberjocht.
Wat klanten sizze
“De grutte fan de groep haw ik as noflik ûnderfûn en soarge foar foldwaande ynteraksje en persoanlike oandacht”
Dielnimmer Pilot, 26 febrewaris 2025
