Online kansen skeppe mei oandacht
Sosjale media support
In oantal tsjinsten fan GJIZ treffen jo aan ûnder sosjale media support. Sa kinne jo gebrûk meitsje fan it sprekoere, sosjale media útbesteegje of stipe freegje mei it stjergefal. Derneist jouwe wy geregeld in kursus sosjale media én kinne jo GJIZ ynhiere as sprekker
Lês mear oer sosjale media support
Kursus sosjale media
Gau en maklik sels oan de slach mei sosjale media? GJIZ jout jo handige hânfetten en in ferrassend protte nije ynsichten. Jou jo bedriuw in ekstra ympuls troch mear út sosjale media te heljen. Binne jo klear foar mear folgers, mear ynteraksje en mear groei?
Lês mear oer kursus sosjale media
Sprekker sosjale media
Yn in koarte tiid alle ins en outs oer sosjale media te witten komme? Geregeld wurdt GJIZ ynhierd as sprekker op kongressen, netwurkbyienkomsten en âlderjûnen om in presintaasje oer sosjale media te jaan. Sosjale media binne mear as allinnich stjoere.
Lês mear oer sprekker sosjale media
Sosjale media, in wrâld fol mooglikheden
Wy litte jo sjen hoe’t jo bedriuw bloeie kin troch kommunikaasjekanalen op in goede wize yn te setten. Sosjale media binne dêr in wichtich ûnderdiel fan. In prachtich middel om je mei je klanten te ferbinen, se te ferrassen en te feroverjen.
Maatwurk
Alle tsjinsten wurde op maat makke en winsken wurde foarof mei jo ôfstimt. Us opdrachtjouwers binne bedriuwen (eigeners en teams), brânsjorganisaasjes, ynterfyzjegroepen en oerheid. Jo kinne GJIZ ynhiere foar sosjale media support, in kursus of as sprekker.
Mear oer GJIZ
Ynskriuwen nijsbrief
Bliuw periodyk op de hichte fan nijs, trends en artikels oer sosjale media. Meld jo oan foar de nijsbrief dy’t in pear kear jiers ferskynt.
Webteksten (SEO)
Wy skriuwe SEO teksten om jo webside heger yn Google skoare te litten. Foar it skriuwen fan al jo teksten binne jo by GJIZ oan it goede adres.
Nei Kontaktside
Abonnemint
Foar klanten dy’t geregeld teksten nedich hawwe foar parseberjochten, nijsberjochten, nijsbrieven of sosjale media is in abonnemint te krijen.
Nei Abonnemint
Missy GJIZ
It ultime doel is om bedriuwen en minsken mei sosjale media nei in heger nivo te tillen. GJIZ advisearret, stipet, ûnderwiist en ynspirearret. Altyd mei holle, hert en hannen. Mei omtinken foar jo bedriuw en de minsken yn jo bedriuw. Mear oer GJIZ…