Oer GJIZ

Moai dat jo der binne! Ik bin Gea J. Iedema-Zondervan, sosjale media ekspert en oprjochtster fan GJIZ. Myn passy foar sosjale media begûn ea mei in puberjende dochter dy’t op Hyves woe. ‘Help! Wat no?’, tinke jo dan as âlder. Dyselde dei gie ik noch online.

Sosjale media bliek in wrâld fol mooglikheden te wêzen. In stúdzje Tapaste Bedriuwskunde en myn ûnderfining as manager fan in webwinkel leine de basis foar in folgjende stap dêr’t ik net mear foarwei koe.

Sosjale media foar elkenien

Yn 2011 besleat ik om myn hert te folgjen. Sûnt de komst fan sosjale media foel it my op dat der faak wjerstân wie. Krekt dat makke it foar my in útdaging om safolle mooglik minsken bekend te meitsjen mei de foardielen derfan. Sosjale media buro GJIZ wie ‘offisjeel’ in feit.

Yntusken haw ik in protte bedriuwen en meiwurkers op wei holpen mei sosjale media. In profesjonele online profilearring is hjoed-de-dei net mear wei te tinken. Om oan de oanhâldende fraach te foldwaan, wurkje ik gear mei in fêst team fan spesjalisten. Wy litte jo sjen hoe’t jo bedriuw bloeie kin troch kommunikaasjekanalen op in goede wize yn te setten. Sosjale media binne dêr in wichtich ûnderdiel fan. In prachtich middel om je mei je klanten te ferbinen, se te ferrassen en te feroverjen.

It ultime doel is om bedriuwen en minsken mei sosjale media nei in heger nivo te tillen. GJIZ advisearret, stipet, ûnderwiist en ynspirearret. Altyd mei holle, hert en hannen. Mei omtinken foar jo bedriuw en de minsken yn jo bedriuw.

En binne der noch dreamen? Jawis! Soe it net fantastysk wêze as sosjale media foar elkenien tagonklik wurde en net ien efter hoecht te bliuwen?

GJIZ maatwurkmooglikheden

Alle tsjinsten wurde op maat makke en winsken wurde foarof mei jo ôfstimt. Us opdrachtjouwers binne bedriuwen (eigeners en teams), zzp’ers, brânsjorganisaasjes, ynterfyzjegroepen en wurksikers,, Jo kinne GJIZ ynhiere foar sosjale media support, in kursus of as sprekker.

GJIZt mei online?

Meld jo oan foar it sosjale media sprekoere. Of meitsje fuortendaliks in ôfspraak. Wy jouwe jo graach persoanlik advys. Belje ús rêstich op 06-46003336 of stjoer in whatsapp-berjocht.

Us opdrachtjouwers

De ôfrûne jierren hawwe wy foar ferskate opdrachtjouwers yn ferskate sektoaren yn Noard Nederlân de online profilearring fersoarge. GJIZ is derby faaks ynsetten as tekstskriuwer en webredakteur.

Portfolio Items

GJIZ maatskiplik belusten

Neist de aktiviteiten foar GJIZ is Gea Iedema adviseur by KNHM Foundation. en penningmeester by it Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers. Ek is se maatskiplik belutsen by ferskate goede doelen en stypet se inisjativen yn de eigen omjouwing.

Partners

partner Laposta

Mei Laposta kinne jo útsûnderlik maklik jo relaasjes beheare, nijsbrieven opstelle en ferstjoere, en de resultaten ynterpretearje. Oant 2000 relaasjes kinne jo Laposta fergees brûke.

Reseller

Reseller Partner Bizplay

Bizplay is in tige fleksibele web-based narrowcasting oplossing en is dêrmei tapasber yn de meast útienrinnende bedriuwstakken. kreëarje, publisearje én ôfspylje bart allegear binnen in webbrowser. Fergees teste? Nim kontakt op mei GJIZ.

Brânzjeorganisaasje

dé Nederlandse beroepsorganisatie voor communicatieprofessionals

Logeion is de Nederlânske beropsorganisaasje foar kommunikaasjeprofesjonels. In bloeiende feriening mei rom 3.600 leden.

Erkend learbedriuw

Erkend leerbedrijfStudinten krije de bêste praktykoplieding mei útsjoch op in baan en bedriuwen beskikke no en yn de takomst oer fakminsken dy ‘t se nedich hawwe. Dat binne de doelen fan de SBB.