fbpx

Kursus LinkedIn

Hieltyd mear bedriuwen wolle mei in saaklike side sichtber wêze op LinkedIn. Beslist net in ûnferstannige kar. De tiid dat LinkedIn allinnich as cv brûkt waard, leit efter ús. In protte bedriuwen fine hjoed-de-dei nije klanten en opdrachten fia LinkedIn. Meiwurkers spylje dêr faak in wichtige rol yn. Sy binne de perfekte ambassadeurs foar jo bedriuw. Hoe’t LinkedIn ek foar jo fertuten dwaan kin, leare jo op de kursus LinkedIn.

Ynhâld LinkedIncursus

  • It ynrjochtsjen fan in LinkedIn-profyl
  • It ferbetterjen fan jo fynberens op LinkedIn
  • Effektyf netwurkje
  • It finen fan nije klanten en opdrachten

Foar wurksikers hawwe wy in spesjale LinkedIn-kursus. Dy kursus jouwe we ien-op-ien. Mei-inoar geane we stap foar stap alle opsjes fan LinkedIn bylâns. De klam leit op in profesjonele profilearring, fynberens, it sykjen nei nije wurkjouwers en netwurkje.

Wurkwize

In kursus LinkedIn jouwe we altyd op in sels te kiezen lokaasje of incompany en yn groepsferbân of ien-op-ien It makket net út oft jo al of net kennis hawwe fan sosjale media. Wy meitsje alle kursussen op maat en stimme dêrom yn ‘t foar jo winsken mei jo ôf. Meastal duorret de training in deidiel oant op syn heechst in dei. Jo nimme sels jo eigen laptop mei, sadat jo fuortdaliks de opdiene kennis yn de praktyk oefenje kinne. Nei ôfrin binne jo yn steat om de oanrikke tips yn LinkedIn by it netwurken brûke te kinnen.

Mear ynformaasje

Belje foar mear ynformaasje en tariven 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht of folje ûndersteand formulier yn.

    Namme (ferplicht)

    E-mail (ferplicht)

    Bedriuwsnamme

    Tillefoan

    Kursus

    Lokaasje

    Wat klanten sizze

    “Dat Stephen Covey de Trim Tab Award sels oan Gea útrikt hat is in grut komplimint. Se stimulearret en entûsjasmearret har omjouwing echt.”
    Sicco Jacobs, Teamleider Stenden Hogeschool