fbpx

Kursus

Gau en maklik sels oan de slach mei sosjale media? GJIZ jout jo handige hânfetten en in ferrassend protte nije ynsichten. Jou jo bedriuw in ekstra ympuls troch mear út sosjale media te heljen. Binne jo klear foar mear folgers, mear ynteraksje en mear groei?

Wurkwize

In kursus sosjale media jouwe we altyd op in sels te kiezen lokaasje of incompany en yn groepsferbân of ien-op-ien It makket net út oft jo al of net kennis hawwe fan sosjale media. Wy meitsje alle kursussen op maat en stimme dêrom yn ‘t foar jo winsken mei jo ôf. Meastal duorret de training in deidiel oant op syn heechst in dei. Jo nimme sels jo eigen laptop mei, sadat jo fuortdaliks de opdiene kennis yn de praktyk oefenje kinne. Nei ôfrin krije jo in wiidweidige hantlieding mei.

Foar wa

Wy joue mei regelmaat in kursus sosjale media oan

  • bedriuwen (eigeners en teams)
  • zzp’ers
  • brânsjorganisaasjes
  • ynterfyzjegroepen
  • wurksikers

In kursus per sosjaal medium

Taryf

Belje foar mear ynformaasje 06-46003336, stjoer in whatsappberjocht of ful onderstaand formulier in.

Namme (ferplicht)

E-mail (ferplicht)

Bedriuwsnamme

Tillefoan

Kursus

Lokaasje

Wat klanten sizze

“Ik bin GJIZ ferskuorrend tankber foar de geweldige ynset, belutsenheid en frisse nije ideeën” – Iepenloftspul ‘It Deiboek fan Anne Frank’, Rense Rotsma.