fbpx

Sosjale media sprekoere

GJIZ fersoarget alle moannen in sosjale media sprekoere. Sjoch yn it bûsboekje wannear’t it earstfolgjende sprekoere is.

Lokaasje is: 

Het Want 1
8802 PV  FRANEKER

Gea Iedema in kantoor waar spreekuur wordt gehouden

It petear is ornearre foar âlde en begjinnende ûndernimmers dy’t de mooglikheden ûntdekke wolle fan sosjale media foar har ûndernimmersaktiviteiten. Dêrby kinne marketingfraachstikken oan de oarder komme op strategysk nivo yn kombinaasje mei sosjale media. Ek kinne praktyske saken oan de oarder komme.

Yn it petear fan ien oere kinne jo al jo fragen stelle oer sosjale media. Om jo in idee te jaan oer mooglike ûnderwerpen om oer te praten, it:

  • fêststellen fan in online strategy
  • opsetten fan in sosjale media account
  • beoardieljen fan in LinkedIn profyl
  • Wol of net in saaklike pagina op Facebook

Wy binne benijd nei jo fraach!

Bûsboekje 2024

It petear begjint op it hiele (9, 10 of 11) oere en duorret maksimaal in oere. Hjirûnder de datums wêrop wy mooglik mei-inoar prate kinne:

  • 15 maaie
  • 19 juny
  • 17 July
  • 18 septimber
  • 16 oktober
  • 20 novimber

Tip sosjale media sprekoere

It is oan te rieden om yn ’t foar in telefoanyske ôfspraak te meitsjen op 06-46003336. Dat om teloarstellingen foar te kommen. Of sjoch op de kontaktpagina hokker oare mooglikheden der binne om yn kontakt te kommen mei GJIZ.