Kursus Facebook
Facebook is wrâldwiid it meast populêre online platfoarm. Ek it tal brûkers giet yn Nederlân noch hieltyd omheech. Foar bedriuwen lizze dêr in protte kânsen. Jo klanten binne hast alle dagen oanwêzich op Facebook, mar hoe berikke jo se? Hoe bliuwe jo mei se yn kontakt? En hoe feroverje jo se? Us Facebook-kursus jout jo ynsjoch. Untdek de foardielen. Skep jo eigen kânsen en fergrutsje jo fynberens yn Google.
Ynhâld Facebookkursus
- It ynrjochtsjen fan in saaklike Facebook-side
- It boosten fan in berjocht
- It generearjen fan ynteraksje
- In berjocht ferstjoere oan in spesifike doelgroep binnen jo fans
- it promoten fan jo Facebook-sid
- It analysearjen fan de statistiken
Wurkwize
In kursus Facebook jouwe we altyd op in sels te kiezen lokaasje of incompany en yn groepsferbân of ien-op-ien It makket net út oft jo al of net kennis hawwe fan sosjale media. Wy meitsje alle kursussen op maat en stimme dêrom yn ‘t foar jo winsken mei jo ôf. Meastal duorret de training in deidiel oant op syn heechst in dei. Jo nimme sels jo eigen laptop mei, sadat jo fuortdaliks de opdiene kennis yn de praktyk oefenje kinne. Nei ôfrin binne jo yn steat om Facebook selstannich brûke te kinnen.
Mear ynformaasje
Belje foar mear ynformaasje en tariven 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht of folje ûndersteand formulier yn.
Wat klanten size
“Foar dyn sosjale media tips en Facebook-fragen moatst echt by Gea wêze! Wat wit se in soad!” – Paulien Efde, eigener Paulien ” – Paulien Efde, eigenaar Paulien