fbpx

Website Undernimmersferiening

Opdracht Website ûndernimmersferiening CCNWF

It wichtichste doel fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland (CCNWF) is it befoarderjen fan de ûnderlinge kontakten tusken ûndernimmers yn Noardwest-Fryslân.Sy organisearje ynformele byienkomsten op unike lokaasjes yn de regio. Under it genot fan in hapke en in drankje, ûntsteane duorsume saaklike relaasjes en nije ynsichten.

Wichtige winsken foar in nije webside fan de ûndernimmersferiening binne it wurkjen fanút ien systeem, dat leden harren maklik oanmelde kinne foar in aktiviteit en dat se nei ynloggen sjen kinne wa ‘t der noch mear oanwêzich binne. De funksjonaliteit stiet foarop. Dêrneist hat GJIZ alle histoarje (media en ferslaggen) eksportearre fan de âlde webside en ymportearre yn de nije. As lêste kinne nije leden har frij maklik oanmelde en is de lede-administraasje en kommunikaasje oangeande in aktiviteit in stik ienfâldiger wurden foar it sekretariaat.

Help nedich by jo webside fan jo ûndernimmersferiening?
Belje 06-46003336, stjoer in WhatsAppberjocht, of mail@gjiz.nu