fbpx

Advys en ûnderhâld

Opdracht Stap naar Werk Drachten en Pack & Zo Frjentsjer

Stap naar Werk biedt trajekten mei as úteinlik doel arbeidsreyntegraasje en/of sosjaal maatskiplike ûntjouwing fan de dielnimmer. Stap naar Werk is dêrmei ek it foarportaal fan Pack & Zo.

Ûnder Pack & Zo falt Pack ‘t hout, ien fan de fiif deibestegingsplakken dêr’t ûnder oaren houten fytstassen, Woodybags, makke wurde.

GJIZ advisearret Stap naar Werk yn it tapassen fan sosjale media. Dy sosjale media hawwe we nei de earste advyspetearen ymplemintearre. In ymplemintaasje makket it makliker om der sels fuortdaliks mei oan de slach te gean. Om draachflak te skeppen is in teammiddei organisearre mei in presintaasje en in workshop. Fragen oer it fergrutsjen fan de nammebekendheid fan de organisaasje wiene oanlieding foar in twadde presintaasje. Dêryn hawwe we sjen litten hoe’t de ferskate organisaasjes fan Stap naar Werk har online profilearje kinne.

Foar Pack ‘t Hout levere GJIZ in bydrage oan de produktlansearring fan de Woodybag troch it jaan fan advys, bekendheid te generearjen fia sosjale media, it redigearjen fan houtenfietstassen.nl en it skriuwen fan parseberjochten. Yntusken binne de houten fytstassen lanlik oppikt, mei as resultaat in grutte bestelling fan in fytsgruthannel út Swol.

(Online) sichtber bliuwe is in kontinu proses, dêrom stypje we ek hjoed noch dizze klant on- en offline.

Mear witte oer advys en ûnderhâld fan sosjale media?

Belje 06-46003336, stjoer in whatsapp-berjocht, of mail.