fbpx

Online marketing

Sosjale media strategy

Foar in ynternasjonaal projekt hat GJIZ in sosjale media strategy opsteld. Om ’ t wy yn dit projekt gearwurkje mei in oantal partners út ferskillende lannen is it strategyske plan yn it Ingelsk opsteld en bepraat. De petearen oer de sosjale media strategy wienen mei help fan Zoom Meeting. Boppedat hawwe wy in grut tal fan praktyske tips jûn, hoe ‘t de partners de nammebekendheid fan it projekt ferheegje kinne mei help fan sosjale en oare media. Review sosjale media strategy “Gea is kundich, jout in soad praktyske tips en is by steat om it proses te begelieden om ta it beëage doel te kommen. Boppedat is se optein en noflik yn de omgong, in noflike sparringpartner!” Karla Boersma, WP leader ReIReS ( Research Infrastructure ûn Religious Studies ) Review sociale media strategie “Gea is deskundig, geeft veel praktische tips en is in staat gebleken het proces te begeleiden dat tot het beoogde plan moest leiden. Bovendien is ze enthousiast en prettig in de omgang, een fijne sparringpartner!” Karla Boersma, WP leader ReIReS (Research Infrastructure on Religious Studies)

Untwikkeling webshop

GJIZ is frege te helpjen mei de ûntwikkeling fan in webshop en webside fan Samar Skjin, in bedriuw spesjalisearre yn alderhande skjinmaktsjinsten. Fan himmeljen en oanslach oant it ferkeapjen fan eigen skjinmakmiddels en fan in oar merk. De opdracht is in bypassende en oantreklike webside te meitsjen, wêryn ‘t alles oersichtlik is en maklik te finen. Dus hat GJIZ dúdlike navigaasje blokken op de webside pleatst. En sa is der ek in webshopfunksje taheakke foar de ferkeap fan de eigen skjinmakprodukten. Ek help nedich by it ûntwikkelje fan in webshop? Belje 06-46003336, stjoer in whatsapp berjocht, of mail@gjiz.nu  

Kampagneplan

Opdracht Stichting Niketan / 8 uur overwerken Leeuwarden As organisaasje is GJIZ maatskiplik belutsen. We fine it wichtich om tiid frij te meitsjen foar projekten mei in maatskiplik karakter, dy’t we mei passy foar ús fak pro deo stypje. In foarbyld dêrfan is Stichting Niketan. Dy stichting helpt kompleks beheinde bern en jongeren yn Bangladesh op wei nei selsstannigens en ekonomyske ûnôfhinklikheid. Mei in team fan frijwilligers hawwe we in kampanjeplan opset om mei in oantreklike en prikeljende Sinteklaasaksje nije stipers te winnen. “Ik bin tige optein oer harren resultaat, mar noch mear oer harren ynset en energy.” Tony Nelis, Stichting Niketan Nei Facebookside fan 8 uur Overwerken.